Uw zoekacties: Films en geluidsopnames

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
1  films en geluidopnames
sorteren op:
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0027FLMD Marten J. de Haan, 1970-1971
Datering:
1970-1971
Titel Frysk:
Marten J. de Haan
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Frysk yn ûnderwiis: artikels oer skreaun. Saak-Schurer (Kneppelfreed, 1951) gie fierder as de beweging, doe fielde it hiele Fryske folk: dit rekket de kearn. Frysk lêzen begûn. Striidboun Fryslân Frij: woe ik neame 'Fryslân Under de Wet'. Ried Fryske Beweging haw ik nei de oarloch hiel set yn sitten. Feriening De Fryske Skoalle mei oprjochte. Klam lizze op foarljochting, gjin propaganda want dat ropt anty-propaganda op, bûten it politike halde. Strikel: spitich dat Freark Dam út de redaksje is (no direkteur FLMD). Ried Fryske Beweging. Frysk eigene, Fryske folk: min te omskriuwen, mar it bestiet, as in nuânse. 'In soart fan libbensferstean dat dochs in lyts bytsje oars is as earne oars'. Biedwurd Fryslân en de wrâld: wichtich foarbyld binne de oersettingen. De Fryske kultuer stiet net apart, de Rimen en Teltsjes binne net mear Fryske kultuer as de Shakespeare-oersettings fan Kalma. Dêrom, sei De Haan, bin ik bliid dat ik meiwurkje oan de nije Fryske bibeloersetting dy't ek Fryslân yn it grutte gehiel set. Sels net folle literêr skreaun, in inkeld gedichtsje yn It Heitelân letter, fierders skôgjende artikels yn tydskriften. Opfettings Kalma bûten it literêre om seine my net folle. Hy wie pro-Ingelsk, en anty-Dútsk mar gie dochs al foar de oarloch de nasjonaal-sosjalistyske kant oer, mei artikels yn bledsje dat er hie mei Jan Melles van der Goot. JFM: begûn dizenich sosjalistysk mar dat ferdwûn, en polityk spile fierder net, neffens De Haan. Eigen libbensskôging min te definiearjen, agnostikus, tagelyk ite fan tsien wâlen. Streamingen: meast besibbe mei sosjalisme. FNP: nasjonale foarop hie better west. Datselde gefaar sjocht De Haan ek yn Fryske beweging. Yn it Trijmanskip sitten gean dêr't Sybesma diel fan útmakke. Twamanskip hat it dêrnei sa goed mooglik dien. Jongfryske Mienskip wie eins foar de oarloch al ferdwûn. Doe op 'e nij begûn as krite fan it Selskip. Yn de oarloch troch hâlding Kalma en oare eardere leden lykas Sybesma yn ferkearde hoeke bedarre.
Ynhald:
Marten J. de Haan te Feanwâlden jout syn oantinkens oan de Jongfryske Minskip. Pyt Jon Sikkema giet mei him de fêste fragelist del.
Marten de Haan krige '23 of '24 op gearkomste ûnthâldersbeweging It Fean brosjuere fan Marten Scholten oer de JFM. Fanwegen it Fryske en it sosjalistyske útgongspunt. Mar dat sosjalistyske aspekt waard koart dêrnei ôfswakke. Kalma goed sprekker en paadwizer yn de literatuer. Kampen op it Amelân. Toaniel: Hamlet waard útfierd yn in boereskuorre op it Amelân. Frou Quarles wie der ek. Kalma sels spile Hamlet. Kamp yn buorkerij by Nes, lêzingen yn hûs of tún fan Wike Zylstra, dy't ûnderwizeres wie op it Amelân. Ek wol kamp west op Flylân, Simke Kloosterman hat dêr doe in lyrysk byld fan skreaun. Mienskipshûs: strjitte hjitte doe de Nije Skrâns, Boomgaardt hat letter yn dat hûs wenne. Hast lyts doarpshûs foar Huzum. Barend van der Veen wenne der mei de húshâlding. Doe't it sosjalistyske elemint ferfoel, wat neffens Kalma al wat oars west hie as it gongbere sosjalisme as partij kiezen yn de klassestriid, doe gie De Haan út it bestjoer en letter ek út de beweging. Kalma wie him tefolle opportunist, om bepaalde minsken binnenboard te hâlden. Grutte demonstraasje Himelfearstdei foar de ûnthâldersbeweging. De Haan hat omtrint 1935 in lêzing hâlden foar de Mienskip, yn de Koaipleats. Wie doe sels al út de Mienskip. Kunde út Mienskip: Barend van der Veen, Teade Herder, Jit van der Laan, Geale de Vries, Marten K. Scholten. De rop Brio! heard mar de oanwenst om 'kinstner' te sizzen yn stee fan 'keunstner' wie der al wat út. Kalma sei 'mankoar' yn stee fan elkoar. De Haan wie gehielûnthalder, mar is yn de oarloch benaud wurden foar al te prinsipiële stânpunten ('dit wol en dat net'), dêrnei (momint fan ynfal Normandië) formeel en ek praktysk gjin gehielûnthâlder mear. Fegetarisme: net spesifyk foar JFM, mar as idealistyske streaming paste it yn der it persoanlike wol by. Toan Jongfriezen foel by gewoane man net altyd goed, dat Hooghaarlemmerdijks.
dichter:
Marten Jan de Haan (5-6-1903 Nij Beets - 24-2-1996 Drachten)
Maker:
Pyt Jon Sikkema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
4:17:17
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum